Trijetalich ûnderwiis groeit

11 maaie 2007 - 11:43
  • Jelle Bangma

Der binne it ôfrûne jier fiif trijetalige basisskoallen bykommen yn Fryslân. Dat fertelde Jelle Bangma fan it Taalsintrum Frysk freed op de Mercator ûnderwiiskonferinsje yn Ljouwert. Trijetalige skoallen jouwe les yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Neffens Bangma giet it foar Fryslân om it ûnderwiismodel foar de takomst, want nije skoallen melde harren spontaanwei oan. Der binne op dit stuit 12 trijetalige basisskoallen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)