Trijetal strjitrôven yn Ljouwert

06 nov 2005 - 14:34

In 34-jierrige frou út Ljouwert is freed op de Oosterkade fan har tas berôve. Dat waard dien troch in man op in fyts.

De man ried op syn fyts neist de frou en skuorde de tas fan de frou har skouder. Ofrûne tongersdei binne yn Ljouwert ek al twa froulju op krekt deselde wize berove. De plysje docht ûndersyk om te sjen oft it om deselde dieder giet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)