Trijetal kriget heldemedalje fan Carnegie Heldenfonds

18 nov 2014 - 22:42
  • De trije minsken dy't belutsen wiene by de rêdingsaksje

Femke Hol fan Almere, Rick van der Sluis fan De Lemmer en Hendrik Pries út Koudum ha tiisdei de brûnzen heldemedalje fan it Carnegie Heldenfonds krigen. De trije ha op 23 febrewaris in frou rêden. Se siet mei har man yn de auto, dy't nei in botsing yn in sleat bedarre. De man ferdronk, mar de frou koe rêden wurde. It ûngelok fûn plak tusken Balk en De Lemmer. Yn de oare auto sieten ek twa persoanen. In man en syn frou. De man oerlibbe it ûngemak, mar de frou ferûngelokke. De plysje hat de trije oanmelden by it Heldenfonds.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)