Trijejierrige ferdronken

21 jun 2011 - 22:38

In 3-jierrich jonkje is tiisdei oan it begjin fan de jûn ferdronken yn Boalsert. Om 5 oere middeis hinne belle de mem de plysje om't se har soan net mear fine koe. It jonkje soe in stôk sykje, mar kaam net werom.

In earste syktocht nei it jonkje levere neat op. De plysje en brânwacht setten grut yn op de fermissing. Dûkers fûnen it jonkje úteinlik yn it wetter by it Julianapark. Hy is yn it sikehûs ferstoarn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)