Trijejierrich baneprojekt F-Top foar wurkleaze technisy

06 mrt 2015 - 16:42
  • (foto-ympresje)

Twahûndert wurkleaze technisy wurde de kommende trije jier oan in baan holpen. Dat bart mei in spesjaal projekt fan de provinsje, de wurkjouwers en de fakbûnen. Doel fan F-Top is om fraach en oanbod op elkoar ôf te stimmen as it giet om wurk yn de technyk.

De dielnimmers krije ekstra oplieding, staazje en begelieding. It projekt is freedtemiddei offisjeel úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)