Trijediminsjonale wandbuordsjes foar de Voedselbank

10 des 2014 - 16:35
  • Hendrik Westra mei syn trijediminsionale wandboard

Hendrik Westra út Doanjum makket foar de aksje Samen voor de Voedselbank trijediminsjonale wandbuordsjes. Fan allegear lytse stikjes hout wurdt úteinlik in dekoratyf buordsje makke. Minsken dy't de wandbuordsjes moai fine, kinne se fan Westra oernimme foar ien of meardere itensbankpakketten.

Minsken kinne har melde op Westra's Facebookside. Op de lêste dei fan de aksje, freed 19 desimber, sil Westra de itenspakketten nei Omrop Fryslân bringe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)