Trije ynbrekkers It Fean pakt

10 maaie 2012 - 11:54

Op It Hearrenfean hat de plysje woansdeitejûn let trije minsken oanhâlden op fertinking fan stellerij. Tsjûgen hiene de trije, twa froulju fan It Hearrenfean en in man fan De Jouwer mei bûslampen sjoen op de Pim Mulierleane.

De plysje koe de trije achterhelje en fûn flakby in ôffalbak mei fan alles der yn. De brommers dy't se by harren hiene wiene ek stellen en binne yn beslach naam. De Jouster hie GHB en in oantal pillen by him. Ien fan de froulju mocht nei ferhoar nei hûs, de oare twa sitte noch fêst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)