Trije ûndersiken oerlêst Sonac

23 jan 2004 - 00:00

De steatefraksje Christenunie/SGP lûkt opnij oan de bel by Deputearre Steaten oer de gong fan saken by Sonac yn Sumar. De fraksje wol witte hoe't DS omgean sille mei de útkomst fan de trije ûndersiken nei de stjonkerij dy't it bedriuw feroarsaket.

De partij fynt dat it der net dúdliker op wurdt as der aanst trije útkomsten lizze. CU/SGP wol ek witte hoe't it sit mei it kalamiteiteplan foar Sonac, dêr't al seis jier oan wurke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)