Trije turnfroulju TSH nei WK

15 sep 2011 - 08:39

Bûnscoach Gerben Wiersma fan de KNGU hat trije turnsters fan Turnsintrum Sportstêd Hearrenfean (TSH) selektearre foar it WK yn Tokio. It giet om Céline van Gerner, Joy Goedkoop en Marlies Rijken. De seleksje bestiet no út sân froulju. Ien fan harren moat as reserve oanwiisd wurde.

By de manlju is de seleksje troch in tal blessueres noch net bekend. Fan TSH komme fiif turners yn oanmerking, wêrunder ek Epke Zonderland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)