Trije ton nedich foar mûne

26 okt 2007 - 12:33

De Rottefalle wol wer in mûne ha. De lokaasje is al bekend en ek de gemeente Smellingerlân stiet achter it plan. Allinich de finansiering fan de nijbou fan mûne 'de Rot' yn de Rottefalle is noch net rûn. Der is trije ton nedich om in replika fan de mûne te bouwen.

Yn 1921 stoarte de mûne yn nei in grutte stoarm. It doarp wol dat er op 'e nij opboud wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)