Trije Snitser fernielers pakt

24 jul 2012 - 10:10
  • Oanhâlden

De plysje hat moandeitenacht yn Snits trije ynwenners fan de stêd oppakt neidat se saken fernield hienen. De plysje wie warskôge troch in omwenner, dy't seach dat de jonges fan 19 en 20 jier âld in lampe fan in brêge yn de Molekrite fernielden.

Letter die bliken dat se ek in tal ferkearsbuorden omgoaid hienen, gers yn 'e brân stutsen hienen en yn in lantearnepeal klommen wienen. De trije binne meinaam nei it buro, se hiene tefolle dronken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)