Trije skoallen foargoed ticht

28 apr 2014 - 10:39
  • Ids Wiersmaskoalle yn Brantgum

De iepenbiere basisskoalen fan Aldwâld, Driezum en Brantgum moatte yn 2015 definityf de doarren slute. Dat hat it oerkoepeljende bestjoer besletten. Der sitte te min bern op de skoallen om troch te gean.

Yn Brantgum binne se bot skrokken fan it berjocht, seit Doarpsbelang. De Ids Wiersmaskoalle, dy't dêr no ticht moat, is de lêste skoalle yn it doarp. Der sitte 25 learlingen op, mar nei de simmer is dat tal sakke nei sechtsjin. Neffens Doarpsbelang ferliest Brantgum dêrmei in wichtich moetingsplak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)