Trije rydbewizen ynnaam

02 maaie 2009 - 14:04

Ferspraat oer Fryslân binne yn de nacht fan freed op sneon trije rydbewizen ynnaam. In man (48) út Sweagerbosk waard op de Lauwersmarwei oanholden. Hy hie tefolle drank op en ried slingerjend oer de dyk.

In 18-jierrige Ljouwerter raasde mei 106 kilometer oer de Nijlânsdyk, dêr't 50 it maksimum is. In 24-jierrige bestjoerder út Ljouwert makke it noch gekker. Dy ried mei 128 kilometer yn 'e oere op de Aldlânsdyk, ek in 50-kilometer dyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)