Trije rieden stimme foar fúzje

07 okt 2010 - 09:43

De gemeenterieden fan Gaasterlân-Sleat, Skarsterlân en Lemsterlân hawwe woansdeitejûn alle trije ynstimd mei in fúzje fan de trije gemeenten. Dy moat yngean op 1 jannewaris 2013.

Fertsjintwurdigers fan alle gemeenterieden sille no de fierdere gong fan saken útwurkje. In soad protesten wurde dêrby net mear ferwachte, omdat der de ôfrûne jierren al in soad mei de ynwenners oer de fúzje praat is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)