Trije reedriders nei NK 1500

18 okt 2008 - 17:46
  • Sjoerd de Vries (Foto: Martin de Jong)

Reedrider Sjoerd de Vries hat him pleatst foar it NK ôfstannen op de 1500 meter. De Vries riedt sneon by seleksjewedstriden yn Grins in tiid fan 1.51,57. En dat wie goed foar in tredde plak. De earste tsien gean streekrjocht foar it NK dat ein oktober yn Thialf ferriden wurdt.

By de froulju pleatste Ingeborg Kroon har mei in kreas twadde plak yn in tiid fan 2.04,37. Elma de Vries mei op basis fan in sechsde plak ek nei it NK.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)