Trije punten minder foar Cambuur

15 mrt 2006 - 00:00

Cambuur hat op oarder fan de KNVB trije punten yn mindering krigen omdat de klub net foar 1 maart in definityf rêdingsplan presintearre hat. It is in straf dy't faker tapast wurdt by klubs fanwege in minne finansjele sitewaasje.

It ynlûken fan punten troch de KNVB hat gjin gefolgen foar de stân yn de 6e perioade. De punten wurde fan it totaal ôflutsen en dus hat Cambuur gjin 40 punten mar 37.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)