Trije proefbewenners De Pein

11 aug 2013 - 15:30
  • De Peinermieden tusken De Pein en Drachten

Der binne foarearst trije minsken op it proefwenjen yn de Peinermieden ôfkaam. De Peinermieden is it gebiet tusken De Pein en Drachten. Der komme 45 enerzjysunige wenten. It is it doel dat de minsken dy't dêr komme te wenjen, mei-inoar it gebiet ûntwikkelje en beheare sille. Om alfêst te ûnderfinen hoe't it is om yn De Peinermieden te wenjen biedt de gemeente Smellingerlân it proefwenjen oan.

Belangstellenden kinne noch oant en mei 17 augustus gebrûk meitsje fan it proefwenjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)