Trije prizen foar lânskipsbehear

20 des 2000 - 11:20

Lânskipsbehear Fryslân hat tiisdei trije prizen útrikt yn Wetsens. De winners krigen 5000 gûne bedoeld foar de bêste plannen om histoaryske lânskipseleminten op te knappen. De priisfraach wie ûnderdiel fan de kampanje Erfgoed Al Goed.

Doarpsbelang Foudgum/Brantgum/Waaksens wol de âld-Dokkumerdyk oanpakke. Natuermonuminten knapt de Skâns yn Bakkefean op en Wetsens it âlde tsjerkepaad.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)