Trije oerfallers oanholden

12 des 2007 - 10:30

De plysje hat 3 manlju út Harderwyk oanhâlden foar in oerfal mei geweld yn septimber. Sy ha mei twa oaren yn Ljouwert in man fan syn mobile tillefoan bestellen en him tsjin de holle slein. It slachtoffer foel en rûn flinke skea op oan syn gebit.

Ein novimber waarden al twa fertochten oanhâlden. Fia har kaam de plysje de oare trije fertochten op it spoar. Ien fan harren hie de mobile tillefoan fan de Ljouwerter noch yn syn besit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)