Trije oanhâldings yn Kollum

01 maaie 2006 - 10:23

Op 'e Kollumer Foarstrjitte hat de plysje sneontejûn trije manlju oanhâlden nei in fjochtpartij. In man(19) út Achtkarspelen fersette him tsjin syn oanhâlding. In maat(21) fan him út Bûtenpost woe him helpe en waard doe ek oanhâlden. Dizze man trape ek in plysjeman yn it gesicht.

Neidat dizze manlju ôffierd wiene ûntstie der op 'e nij spul yn Kollum. De plysje hat doe in Kollumer(25) oanhâlden, omdat er net harkje woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)