Trije oanhâldings op Aaipop

06 apr 2010 - 09:50

Op it Aaipopfestival yn Nijlân binne trije jongeren oppakt. Twa fan harren wurden fertocht fan mishanneling fan in befeiligingsmeiwurker. By de oanhâlding ûntstie opskuor wêrby't in treddenien in plysjeman in triuw joech. Hy waard ek oanhâlden. Alle trije binne meinaam nei it plysjeburo.

Nei it festival waard in alkoholkontrôle hâlden. Fan de sechtich bestjoerders dy't blaze moasten hie ien te folle dronken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)