Trije nominaasjes ûndernimming

19 mrt 2014 - 17:08
  • De winner fan ferline jier, Steensma

Trije bedriuwen binne nominearre foar de Fryske Undernimming fan it Jier. It giet om Body & Fit fan It Hearrenfean, in bedriuw yn sport- en dieetfieding, Sijperda ferhier út Snits, en ZiuZ fan De Gordyk. Dy lêste hâldt him dwaande mei saneamde fisuele yntelliginsje foar plysje en feilichheidstsjinsten. De priis wurdt op 15 april útrikt, yn Harns, en dat wurdt live útstjoerd op Omrop Fryslân TV.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)