Trije nominaasjes Omrop Fryslân foar NL-Awards

01 mrt 2016 - 14:03
  • Rûchhouwers
  • Buro de Vries

Omrop Fryslân is trije kear nominearre foar in NL-Award. Dat binne prizen foar de bêste produksjes fan regionale omroppen. Yn de kategory Bêste Radioprogramma makket Buro de Vries kâns op in priis; yn de kategory Bêste TV-programma is dat it jongereprogramma Tsjek en by de dokumintêres giet it om Rûchhouwers, dêr't autocrossers yn folge wurde.

Op 16 maart wurdt bekend oft de nominaasjes omset wurde yn in echte priis.

Mei-elkoar binne sa'n tweintich produksjes fan regionale omroppen nominearre. Neffens de sjuery wienen de ynstjoerings fan heech nivo en wie it dreech der nominearren út te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)