Trije minuten stilte om Madrid

14 mrt 2004 - 00:00

De Nederlânske regearing freget om trije minuten stilte op moandei 12 oere nei oanlieding fan 'e oanslaggen fan 11 maart yn Madrid. De Europeeske Uny hat it inisjatyf nommen foar de stilte; premier Balkenende hat him oansletten.

Trije minuten stilte betsjut dat op alle oerheidsgebouwen de flaggen healstôk hingje sille. Fierder hawwe de NS en ek Noordned besletten dat om 12 oere alle treinen trije minuten stilset wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)