Trije minsken oppakt foar bedriging mei fjoerwapen

19 mrt 2015 - 15:56

De plysje hat tongersdei trije persoanen oppakt fanwege in bedriging yn Winsum. De trije soenen earder op de middei in bewenner fan de Fikarusleane bedrige hawwe. Mooglik hawwe se dêr ek in fjoerwapen by brûkt. De trije naaiden út, mar koenen letter yn Wommels oanhâlden wurde.

It giet om in frou fan 26 út Wommels en twa manlju fan 30 en 31 út Ljouwert. Neffens de plysje leit de oarsaak yn de relasjonele sfear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)