Trije minsken oanhâlden foar mishannelings

31 jan 2015 - 10:53

De plysje hat trije minsken oanhâlden op fertinking fan mishanneling. In 32-jierrige Droegehamster waard freedtemiddei yn Koatstertille oanhâlden. Hy soe in 33- jierrige man út Koatstertille slein ha.

Yn Snits is freedtenacht in 22-jierrige Snitser oanhâlden, omdat hy in 25-jierrige Rotterdammer in kopstjit jûn hie. By syn oanhâlding bedrige de man in befeiliger mei de dea en ek op it buro die er it mâl. Yn Drachten is in 21-jierrige man út dat plak oppakt, omdat hy in 19-jierrige man mei de fûst yn it gesicht slein hat.

Tsjin alle trije fertochten is proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)