Trije minsken út grêft rêden

15 jul 2012 - 10:38

Twa jonges ha sneontenacht yn Frjentsjer trije minsken út in auto rêden dy't yn it wetter rekke wie. Neffens tsjûgen ried de auto mei hege snelheid oer it Noard en fleach er doe út de bocht, troch de reling fan in brêge en op de kop yn it wetter. Mike Hoekstra en Gregor Boelens seagen dat, sprongen yn it wetter en hellen de trije ynsitters út de auto.

Alle slachtoffers binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. De bestjoerder (38) út Frjentsjer hie nei alle gedachten drank op. In berger hat de auto út de grêft takele.

De bestjoerder moast in nacht yn it sikehûs bliuwe, de oare twa ynsitters mochten nei kontrôle wer nei hûs. De bestjoerder soe tefolle dronken ha en boppedat gjin rydbewiis ha. It ûngelok en de rêdingsaksje fan de beide jonges waard troch tsientallen minsken sjoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)