Trije ministers nei Fryslân

08 okt 2007 - 10:19

Trije ministers komme moandei op besite nei Fryslân. Minister Van der Hoeven fan Ekonomyske Saken is yn Snits op besite yn 'e wyk Lemmerwei-East. Dêr wurdt hiel sunich mei wetter omgien.

Yn Drachten giet minister Rouvoet fan Jeugd en Gesin nei it jeugdloket. Fierders is moandeitemiddei de iepening fan in duorsem tankstasjon yn Ljouwert. Dêr sil minister Cramer fan VROM by wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)