Trije manlju oppakt yn Ljouwert foar it dealen yn harddrugs

16 okt 2015 - 19:16
  • Drugs

De plysje yn Ljouwert hat trije Ljouwerters oanholden foar it dealen yn harddrugs. It giet om twa manlju fan 26 jier en ien man fan 28 jier. Twa fan de oanholden manlju ha nei alle gedachten op grutte skaal yn drugs hannele. Fan febrewaris ôf kamen der hieltyd mear meldings fan drugsoerlêst yn de stêd.

Tiisdei hat de plysje yn fjouwer wennings yn de stêd ynfallen dien. Yn trije dêrfan waarden heroïne en kokaïne oantroffen. Ek waard in jildbedrach fûn dat wierskynlik mei de drugshannel fertsjinne is.

De plysje hat fierder beslach lein op trije auto's en in skooter. Twa fan de fertochten sitte fêst. Ien is wer frijlitten, mar bliuwt wol fertochte yn de saak. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)