Trije manlju oppakt foar geweld

07 jan 2006 - 16:20

Trije manlju binne yn de nacht nei sneon oanhâlden op De Gordyk foar gewelddiedich gedrach. De manlju fan 26, 27 en 37 wiene ûnder ynfloed fan drank en drugs. Se hiene rúzje krige mei de bewenners fan in hûs oan de Stasjonswei.

Se wiene yn 'e hûs gien sûnder dat de beide 20-jierrige bewenners dat woene en ramaaiden dêr yn meubels en kasten om. Der moasten sân plysjes oan te pas komme om de manlju op te pakken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)