Trije manlju oanholden foar drugshannel

24 des 2014 - 10:15
  • Drugs

Op de Oosterbuurt yn Ljouwert binne tiisdeitemiddei trije manlju oanholden yn ferbân mei drugshannel. It giet om in 23-jierrige Ljouwerter, in 41-jierrige Snitser en in 55-jierrige man út Sint-Anne. De plysje koe de manlju oanhâlde yn in auto op in parkearplak nei in anonime tip.

De manlju besochten de harddrugs noch te ferstopjen, mar dat slagge net. De plysje trof yn de auto njonken de drugs ek noch in stekwapen en in grut jildbedrach oan. Der is proses-ferbaal opmakke tsjin de trije manlju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)