Trije man fêst foar brânstifting

05 des 2006 - 12:32

De plysje hat trije minsken oanhâlden yn ferbân mei in rige brânstiftings op de Jouwer. It giet om trije manlju fan de Jouwer, sy binne tusken de 18 en de 23 jier âld.

Tusken april en novikmber giene op de Jouwer konifearren, konteners, skuttingen en oar guod yn flammen op. It fjoer ûntstie faak tichtby wenhûzen. Heal oktober rekke in frou ferwûne by sa'n brân. Der waard 40 kear brân stifte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)