Trije kear húsferbod oplein

15 jun 2011 - 10:12

De plysje moast tiisdei op trije plakken yn aksje komme tsjin húslik geweld. Dat wie yn Drachten, Ljouwert en Eaststellingwerf. In Ljouwerter (66) waard oanhâlden nei't er syn frou (74) sa bot slein hie dat se nei de dokter moast. De man krijt in húsferbod fan tsien dagen.

Ek in Eaststellingwerver (46) en in Drachtster (36) meie tsien dagen net har hûs yn nei't se har froulju bedrigen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)