Trije kear 9 foar Van den Berg

13 apr 2003 - 00:00

Turntalint Berber van den Berg fan It Hearrenfean hat sneon op in ynternasjonaal toernoai yn Switserlân trije kear in njoggen of mear skoard. Foar har sprong krige Van den Berg 9,225 punten, foar de brêge 9,025 en foar de flieroefening 9,025.

Tanksij Van den Berg wûn Nederlân de turnynterlân fan Frankryk en Switserlân. Van den Berg wûn ferrassend it yndividuele klassement mei 35,650 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)