Trije jonges oppakt foar oerfal op supermerk Beetstersweach

19 aug 2015 - 19:03
  • Oerfal op PLUS supermerk yn Beetstersweach

De plysje fertinkt trije jonges fan 19 fan de wapene oerfal woansdeitemoarn op in Plus supermerk yn Beetstersweach. It giet om twa Ljouwerters en in jonge sûnder fêst wenplak. De plysje seach de jonges woansdeitemiddei riden yn de auto, dy't moarns sjoen wie by de oerfal.

It giet om in grize BMW, dy't in dei earder stellen wie yn Ljouwert. De trije binne oppakt en fêstset foar fierder ûndersyk. Ek de auto wurdt noch fierder ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)