Trije jonges op 'e Jouwer pakt

18 aug 2010 - 11:32

Nei in lytse achterfolging hat de plysje tiisdei op 'e Jouwer trije jonges oanhâlden. Se hiene guod fernield. Twa plysjes seagen yn de buert fan it tankstasjon oan de Haskerveldwei in reekplom. Doe't se der op ôf giene, seagen se de trije jonges rinnen. Op dat stuit goaiden se in peal en oar guod yn it wetter.

De plysjes warskôgen de meldkeamer en krigen assistinsje fan kollega's by de oanhâlding. It trijetal sit yn ferbân mei it ûndersyk noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)