Trije jonges oanhâlden foar fernieling

07 apr 2016 - 06:31
  • De Vries Kezinen op 'e Gordyk

Trije jongeren fan 17 jier út Terwispel en De Gordyk binne woansdeitejûn oanhâlden op it terrein fan de eardere kezinefabryk De Vries op 'e Gordyk. In oplettende buertbewenner seach dat de jonges it terrein op giene, en fûn dat fertocht. De plysje fûn de jonges úteinlik yn it eardere kantoargebou fan it bedriuw. Se hiene in bivakmûtse en ark by harren. De jonges binne meinaam nei it buro yn Drachten, dêr't se tajoegen dat se de bedoeling hiene om guod te fernielen. Alle trije jonges krigen in boete fan 90 euro.

Ien fan harren krige dêrnjonken ek noch in ekstra boete om't er him net legitimeare koe. De jonges binne troch harren âlden ophelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)