Trije jongemannen oppakt by supermerk op De Westereen

28 jul 2015 - 11:23

De plysje hat moandeitenacht trije jonge manlju oppakt op De Westereen. Se hongen by de Aldi oan de Ljurkstrjitte om. Op dat plak is faak oerlêst fan jongerein. Der hong in brânlucht en der lei ferbrând guod op de grûn. Dêrom waarden de jonges kontrolearre.

By de kontrôle joech ien fan de fertochten in falske namme en in falsk adres op. Hy hie harddrugs by him en waard dêrom oppakt. De oare jonges kamen dêrtsjin yn ferset en moasten ek mei nei it plysjeburo.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)