Trije jonge talintfolle spilers foar basketballers fan Aris

16 jun 2015 - 10:49
  • Aris

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat de seleksje útwreide mei trije nije spilers. It giet foar in part om besteande spilers dy't harren kontrakt ferlinge, lykas forward Jelmer Visser. Dy sil syn tredde seizoen yn Ljouwert spylje. Shooting guard Enzo Swart komt nei in jier yn it talinteteam fan Aris werom nei it earste team.

Hielendal nij is forward Tom Aarts, dy't fan de SPM Shoeters Basketbal Academy komt. Coach Michael Schuurs fan Aris trainde Aarts by de Academy.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)