Trije Johannesbussen nei Voice

14 des 2012 - 17:03
  • Johannes Rypma, hjir earder yn de heale finale fan The Voice of Holland

Sjonger Johannes Rypma fan Aldegea wurdt freedtejûn by de finale fan it televyzjeprogramma The Voice of Holland stipe troch trije bussen fol famylje, freonen en fans út Blauhús en omkriten. It dweilorkest De Swalkers is ek mei.

Yn de finale kin Johannes de stipe wol brûke. Hy moat it opnimme tsjin trije oaren. Elk moat fjouwer kear optrede. Om in oere of alve sil bekend wurde wa't de talintejacht dit jier wint. Ferline jier wie dat Iris Kroes fan Drachten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)