Trije jier sel foar sjitpartij

23 des 2005 - 16:13

In man út Ljouwert is tongersdei troch de rjochtbank feroardiele foar in sjitpartij by de Mercuriusfontein yn de stêd, ôfrûne augustus. De fertochte krige trije jier selstraf, wêrfan seis moanne op betingst.

By de sjitpartij waard in man yn de foet sketten. It ynsident fûn plak op ljochtskyndei, wylst it hiel drok yn de stêd wie. De rjochter hat dêr by de strafmaat rekken mei hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)