Trije himpplantaazjes oprôle

25 jun 2010 - 10:45
  • Plysje docht trije arrestaasjes by it oprôljen fan himpplantaazjes

De plysje hat woansdei trije himpkwekerijen oprôle nei oanlieding fan anonime tips. Op 'e Lemmer waarden oan de Roggemole 700 planten fûn. Twa ynwenners fan De Lemmer fan 60 en 27 jier binne oanholden. Yn Aldehaske op de Denemarkendreef stiene mear as 130 planten yn in oanhingwein. Hjir waarden gjin fertochten oantroffen.

En yn Makkum fûn de plysje 75 planten yn de tún by in wente oan de Botterstrjitte. In Makkumer (50) waard hjirby oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)