Trije himpkwekerijen oprôle

04 feb 2011 - 11:28

De plysje hat tongersdei yn Fryslân trije himpkwekerijen ûntmatele. Yn in bedriuwsgebou oan de Uithof yn Dokkum stiene fyftich planten. In ynwenner (26) fan Bûtenpost en in man (23) út Oentsjerk waarden oanhâlden. Yn de loads stiene ek in stellen auto en in stellen fyts.

Yn Snits binne op twa plakken lytse kwekerijkes oprôle oan de Jan Kannekenstrjitte en de Selfhelpwei. Trije minsken binne oanhâlden troch de plysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)