Trije gadingmakkers by Bijlsma

15 jun 2010 - 14:23
  • Bijlsma Meubels Frjentsjer

Der binne trije partijen dy't ynteresse ha foar in mooglike oername fan it fallite Bijlsma Meubels yn Frjentsjer. Dat seit kurator Rotshuizen. De produksje sil no wer opstart wurde. Ek sil oan klanten ynkoarten wer guod levere wurde. By Bijlsma wurkje goed 40 meiwurkers.

Meubelfabryk Bijlsma waard foarige wike fallyt ferklearre. It bedriuw hat noch in goeie oarderportefúlje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)