Trije fúzjeboargemasters wikselje tydlik fan gemeente

08 jul 2015 - 19:11
  • Amtsketting

De boargemasters fan de gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel en Menameradiel wikselje yn septimber twa wiken lang fan hammer. De trije gemeenten fusearje begjin 2018 mei fjouwer doarpen út de gemeente Littenseradiel. Mei de boargemasterwiksel hoopje de gemeenten mear ynsjoch te krijen yn inoars organisaasjes.

Boargemaster Gerrit Krol fan It Bilt sit fan 8 oant en mei 20 septimber yn Menameradiel, boargemaster Tom van Mourik fan Menameradiel giet nei Frjentsjerteradiel en boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel giet nei It Bilt.

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma sil de trije boargemasters formeel beneame ta waarnimmend boargemaster op harren tydlike wurkplak om sa juridyske problemen foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)