Trije Fryske sportmominten

14 maaie 2010 - 10:37
  • It Fean fiert de bekerwinst

Trije Fryske sportmominten binne nomineard foar it Lotto Sportmomint fan it jier. It giet om bylden fan Epke Zonderland dy't in sulveren medaille wint op it WK turnjen yn Londen, SC Hearrenfean dy't de beker wint en om de foute wissel fan Sven Kramer op de 10 kilometer op de Olympyske Spelen.

De priis wurdt elk jier útrikt oan de sporter of it sportteam dat soarge hat foar it moaiste of meast opmerklike barren yn it ôfrûne jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)