Trije Fryske restaurants yn de Lekker-top 100

26 okt 2015 - 16:52
  • Menukaart restaurant
  • Restaurant De Heeren van Harinxma

Yn de ranglist Lekker stean dit jier trije Fryske restaurants. De list mei de hûndert bêste restaurants is krekt bekend makke. De Heeren van Harinxma yn Beetstersweach is op plak 41 it heechst klassearre restaurant fan Fryslân. Fierders stiet Ljouwerter restaurant Élevé op plak 64 en It Havenmantsje yn Harns op plak 71.

De Librije yn Zwolle is de listoanfierder. By De Librije wurket de Fryske kok Jan Smink út Wolvegea. Nûmer twa is Inter Scaldes yn Kruiningen en op it tredde plak stiet De Leest yn Vaassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)