Trije Fryske nominaasjes foar bêste oerheidsorganisaasje

28 sep 2015 - 14:21

De provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân en de gemeente Tytsjerksteradiel dogge mei foar de titel 'bêste oerheidsorganisaasje 2015'. De trije Fryske organisaasjes sitte by de lêste tritich kandidaten. De top trije dêrfan wurdt woansdei keazen en de winner wurdt op 23 novimber bekend makke.

It giet by de ferkiezing om hokker ynstelling syn kennis it faakst dielt en wa't de bêste nije projekten betinkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)