Trije Friezen fierljepkampioen

24 aug 2013 - 23:42
  • De fjouwer kampioenen

Thewis Hobma, Hilianne van der Wal en Bobby Zwaagman waarden sneontejûn yn it healtsjuster fan Polsbroekerdam Nederlânsk kampioen fierljeppen. Om acht oere jûns koe der dien wurk makke wurde nei mear as trije oeren reinwetter. Thewis Hobma syn 20.45 út syn earste sprong wie genôch foar de titel by de senioaren. Hilianne van der Wal gong mei 15.10 as bêste de finale by de froulju yn. Yn har lêste sprong helle se keninklik út: 15.91. Bobby Zwaagman wie krekt as ferline jier de bêste by de jonges. Hy ljepte 18.92 yn syn lêste beurt.

Rian Baas wie de iennichste Hollânske kampioen. Hy wie mei 19.35 de bêste junior. Twadde plakken op de sfearfolle akkommodaasje fan Polsbroekerdam wiene der foar Klaske Nauta en Thomas Helmholt. Dy lêste ljepte in nij pr fan 20.21. Jelmar Wijnstra waard tredde by de jonges, seisfâldich Nederlânsk kampioen Bart Helmholt helle brûns by de senioaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)