Trije Friezen by NK fierljeppen

25 aug 2001 - 00:00

By de Nederlânske Kampioenskippen Fierljeppen yn Jaarsveld is Rimmer Abma út Heech tred wurden. Senior Abma hâldt op mei it ljeppen. Erik Bos waard earst.

By de junioaren sprong Niek Roorda it fierst. By de froulju waard Jantiena de Vreeze út Blauhús de bêste. Piet Scherjon fan Burgum hie by de jonges de bêste sprong. Hy wie ferline jier ek de bêste, ek al wie er doe noch mar 13 jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)